Paad nei hús

Jan Hoekstra

Kouplet 1
Myn frou en myn bern lit ik efter my.
Problemen... Soarchen... Lit ik se by dy?
Wat kin it ek skele... Ik gean der fan troch.
De doar doch ik ticht... Ik bin fuort!

Kouplet 2
De dyk en it waar wurkje net mei.
Unflak, de loft skier... Mar ik bin op wei.
Ik draaf as in gek... Myn hertslach omheech.
It ferstân giet op nul... Holle leech!

Refrein
Wat is dit dochs hearlik. Dit frije gefoel.
Allinich mysels mar wat is it doel.
Gjin minsk te bekennen wêr ik ek sjoch.
De meters dy fleane ûnder my troch.
Noch ien kear fersnelle... Dat is wat ik doch.
Ik bin dwerstroch...
(Wie dat it doel?)

Kouplet 3
Ik draaf no al skoften... mysels foarby...
Mar rêst haw ik nedich en dat fyn ik by dy.
Ik bin werom dêr’t allegear begûn.
It paad nei hús.
ha'k wer fûn.

Curiosidades sobre a música Paad nei hús de Jan

De quem é a composição da música “Paad nei hús” de Jan?
A música “Paad nei hús” de Jan foi composta por Jan Hoekstra.

Músicas mais populares de Jan

Outros artistas de Axé