Ferlies

Dina, Zea

Ik kin net tsjin myn ferlies
Ik ha der gjin plak foar
Hie ik dat nea sein
Sjoch, hjir hast al myn fertriet
Ik smyt alles yn in doaze
Nim it allegear mar mei
Wedde datst my misse silst
Lit my nea wer gean

Wêr is de stoel dêr't ik mei dy op stien ha
Wêr is de spegel dy't op 'e grûn foel
Lês hjoed yn 'e krante, in man krûpt fan Makkum
oant foarby Wytmarsum, hasto him net sjoen
myn leave leave leaf

Sjoch nei my, ik stean tsjinoer dy, sa moai as ik my fiel, lit my nea wer gean
Lûk my tichter by, ik beweech mei dy mei, sa moai as ik my fiel, lit my nea wer gean

Bring my dy puzel fan tsientûzen stikken
En ik lis loft by loft, mins by mins, grûn by grûn
Lês jûn yn de stjerren, de kop keninginne
stiet bûten te wachtsjen, hasto har net sjoen
Myn leave leave leaf

Sjoch nei my, ik stean tsjinoer dy, sa moai as ik my fiel, lit my nea wer gean
Lûk my tichter by, ik beweech mei dy mei, sa moai as ik my fiel, lit my nea wer gean

Curiosidades sobre a música Ferlies de Dina

De quem é a composição da música “Ferlies” de Dina?
A música “Ferlies” de Dina foi composta por Dina, Zea.

Músicas mais populares de Dina

Outros artistas de Middle of the Road (MOR)